Ein oan lunchroom Ofslútdyk: "Er gaat 85 jaar nostalgie verloren"

29 mrt 2021 - 17:22

Nei 85 jier komt der in ein oan de lunchroom fan it monumint op de Ofslútdyk. Rykswettersteat wol it monumint oars ynrjochtsje, ta fertriet fan de útbaters dy't der no yn sitte. "Er gaat 85 jaar nostalgie verloren."

Ein oan lunchroom Ofslútdyk

No steane âlde foto's, lânkaarten, ankers, skipskatrollen en sûvenirs te keap. De gasten freegje har ôf wêrom't alles mei 50% koarting te keap stiet. "Met pijn in het hart gaan we hier weg", seit útbater Alex Terpstra tsjin NH Nieuws. "Dit is nooit de bedoeling geweest."

Terpstra hat de lunchroom tsien jier lyn oernaam. Hy soe it wurk dwaan oant syn pensjoen, mar Rykswettersteat beslút oars. Se sizze dat it pân net mear oan de hjoeddeistige easken foldocht en dat renovaasje nedich is. De brânfeilichheid is net op oarder en der is gjin needútgong. Terpstra: "Zij willen de boel voor miljoenen verbouwen en daar passen wij niet meer in. Dat kregen we afgelopen november te horen. Ik heb inmiddels al het personeel moeten ontslaan en ik heb straks ook niets meer."

Utwreiding mei op fersyk fan provinsjes en gemeenten

Rykswettersteat lit yn in reaksje witte begryp te hawwen foar de teloarstelling. "De afgesproken huurperiode van 2x5 jaar liep af (overigens is er is nog een jaar verlenging gegeven) en bood daarmee mogelijkheid tot een grondige renovatie", skriuwe se. "Er komen bijvoorbeeld meer toiletten en het horeca ruimte wordt twee keer zo groot. Dit is mede op verzoek van de provincies en gemeenten, zij dragen bij aan de uitbreiding. Bij de nieuwe aanbesteding in 2023 kan de huidige uitbater zich opnieuw inschrijven."

Trefwurden: 
Ofslútdyk lunchroom
(Advertinsje)
(Advertinsje)