SC Cambuur fierder mei Mac-Intosch, Jacobs en Breij

29 mrt 2021 - 17:19

Sportklup Cambuur giet fierder mei Calvin Mac-Intosch, Jamie Jacobs en Michael Breij. Yn it kontrakt fan de trije spilers stie in opsje foar in ferlinging en dêr makket Cambuur gebrûk fan. De trije steane no ûnder kontrakt oant 2022.

Calvin Mac-Intosch - Foto: Orange Pictures

Der binne noch mear spilers mei ôfrinnende kontrakten. Sa wol de klup noch yn petear mei oanfierder Erik Schouten en ferdigener Doke Schmidt om oer ferlinging te praten. Sonny Stevens bliuwt langer as Cambuur promovearret.

Dêr stiet tsjinoer dat it nei dit seizoen foar Sven Nieuwpoort en Stanley Akoy klear is. Harren ôfrinnende kontrakt wurdt net ferlinge.

Oratmangoen, Korte, Antonia en Ladan yn de wachtkeamer

Foar Ragnar Oratmangoen, Giovanni Korte, Jarchinio Antonia en Delano Ladan jildt dat dêr noch gjin dúdlikheid oer is. Cambuur sil de kommende tiid mooglik noch mei spilers fan dit fjouwertal yn petear. Oant dy tiid moatte se yn de wachtkeamer plaknimme, sa skriuwt de klup op harren webside.

Wat der mei Robert Mühren gebeurt nei dit seizoen is noch net dúdlik. De klup en de spits ha ôfpraat dat se nei dit seizoen fierder prate. Foar de oare spits, Maarten Pouwels, sjocht Cambuur oft er ferhierd wurde kin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)