'Eaststellingwerf moat oprop stypje om lijen Molukske mienskip te erkennen'

29 mrt 2021 - 17:03

De gemeente Eaststellingwerf moat de oprop oan it regear stypje dy't freget om erkenning foar it lijen fan de Molukske mienskip. Dat fine de riedsfraksjes fan GrienLinks, D66 en Ter Heide.

Foto: ANP

De boargemasters fan santjin gemeenten mei in grutte Molukske mienskip diene har oprop ferline wike. Se fine dat it regear erkenne moat dat it santich jier lyn net goed gien is, doe't de Molukkers nei Nederlân kamen, omdat se yn har eigen lân net mear feilich wiene. "Het zou het nieuwe kabinet sieren om het bijzondere historische moment dit jaar aan te grijpen om tegenover de Nederlandse samenleving te erkennen dat de wijze van ontvangst en opvang destijds Nederland onwaardig is geweest en dat dit diepe sporen heeft nagelaten tot op de dag van vandaag", skriuwe de boargemasters.

De minsken waarden yn kampen ûnderbrocht en waarden kwealik holpen. Dat hat laat ta in soad lijen, lilkens en ûnbegryp, en dat spilet hjoed-de-dei ek noch. Yn Eaststellingwerf is ek in grutte Molukske mienskip.

In foarstelling yn 2018 liet sjen hoe swier oft it wie foar Molukkers dy't nei Nederlân kamen:

(Advertinsje)
(Advertinsje)