Ljouwerter inisjatyf 058bezorgd krijt ferfolch foar winkellju op 058.nl

29 mrt 2021 - 16:11

Ljouwerter hoareka-ûndernimmers ha in eigen platfoarm foar bestellingen, mar yn maaie komt der in ferfolch foar de winkellju yn de gemeente. Op 058.nl kinst dan artikels bestelle as skuon of klean, en dy ek nochris thús besoargje litte.

Ljouwerter inisjatyf 058bezorgd krijt ferfolch foar winkellju op 058.nl

058bezorgd is in lokaal inisjatyf en moat de Ljouwerter hoareka op duorsume wize stypje. It jild ferdwynt net nei ynternasjonale bedriuwen, mar bliuwt yn de stêd. De besoarchtsjinst is sûnt febrewaris online. Der binne op it stuit 24 hoarekasaken oansletten en der komme alle wiken noch by.

Omset foar ûndernimmer

De omset is folslein foar de ûndernimmer. Bykommende kosten binne foar de besteller. "Dat is een kleine vergoeding van 1,50 euro voor het platform en de banktransactie. Honderd procent van de omzet blijft bij de horeca", seit André van der Wal fan IT-bedriuw Beyonit, dy't de online-platfoarms ûntwikkelet.

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Sa wolle se it ek mei 058.nl dwaan, as tsjinwicht tsjin Amazon, Bol.com of AliExpress. "Ja, eigenlijk wel. Bij 058.nl willen we ook het geld voor de Leeuwarder ondernemer houden", leit Van der Wal út. "Lokaal besteld, lokaal betaald en lokaal bezorgd."

Flotte besoarging

Petearen mei fytskoeriers binne folop oan de gong. Sa kin de konsumint aanst klean of skuon keapje en se bygelyks binnen in healoere mei in fytskoerier besoargje litte. Mar regulier besoargje litte of click & collect kin ek.

058bezorgd en 058.nl kinne de lokale ekonomy stypje, net allinnich yn coronatiid, mar ek dêrnei. En as it in sukses wurdt, dan kin it ek op oare plakken opset wurde.

André van der Wal fan IT-bedriuw Beyonit

(Advertinsje)
(Advertinsje)