Yn maart needmêst yn Hoogersmilde

© Omrop Fryslân
De problemen mei de ûntfangst fan radiostjoerders yn it Noarden moatte mids maart oer wêze. Dan is de 200-meter hege needmast klear dy't yn Hoogersmilde boud wurdt. Dat hat minister Verhagen fan ekonomsyke saken sein. De problemen mei de radiostjoerders ûntstiene yn july. Doe stoartte de besteande mêst yn, neidat der brân ûntstien wie. Sûnt dy tiid binne ferskate stjoerders net mear goed te ûntfangen. Der binne wol needfoarsjennings oanlein, mar alle problemen binne dêrmei net oplost.