Minder nije besmettingen as snein, trochsneed giet wol omheech

Der binne de ôfrûne 24 oeren 213 nije coronabesmettingen by kaam yn Fryslân. Dat hat it RIVM bekend makke. It binne der 66 minder as snein. Doe wiene it der 279. De ôfrûne wike binne der gemiddeld alle dagen 255 nije besmettingen by kaam.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
De lêste kear dat it deistige trochsneed sa heech lei, wie op 27 desimber.

Measten yn Ljouwert

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeenten Ljouwert (50) en Súdwest-Fryslân (35). Yn Tytsjerksteradiel binne der njoggen nije besmettingen by kaam. Moandei waard bekend dat yn dy gemeente in grutte útbraak is yn it azc. De besmettingssifers fan dy útbraak binne de ôfrûne wiken al meinaam.
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der wie ien nije sikehûsopname yn ús provinsje. Dat giet om in ynwenner fan Weststellingwerf.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne der moandei 6.824 nije coronagefallen registrearre. Dat binne der minder as snein. Doe wiene it 7.513. It deistige trochsneed is lanlik 7.373.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.