Grutte kâns dat kantoarnamme Anker & Anker bestean bliuwt

De kâns is grut dat de namme fan it Ljouwerter advokatekantoar Anker & Anker bestean bliuwt as de bruorren Hans en Wim Anker der op 1 jannewaris 2022 mei ophâlde. Dat sei Wim Anker by in spontane Frisse Noas-moeting mei ferslachjouwer René Koster. "Op 't heden is it sa dat we eins wat ôfbouwe, mar yn de praktyk rinne we noch altyd aardich mei."
Wim Anker © Omrop Fryslân
Doe't de bruorren Anker 2,5 jier lyn in datum prikten om op te hâlden, like dat noch fier fuort, mar no is it al hast safier. "Om't it advokaat-wêzen ús yn it bloed sit, falt it ús wol swier. Tegearre binne we fansels ek al tachtich jier advokaat", seit Wim Anker. "Mar ek om fysike redenen is it goed om der daliks mei op te hâlden."
"Ut de petearen dy't we der no oer fiere, komt nei foaren dat de kantoarkultuer ek nei ús fuortgean gewoan oerein bliuwt: In prinsipjeel kantoar mei in sosjaal gesicht. En Tjalling van der Goot wurdt de earste man. Mar dat is er eins ek al in pear jier", fertelt Anker.
Sa gau as corona it talit wol Wim Anker ek de lêzingen en syn teätertoer wer oppakke. "Myn broer siket it dan mear yn it ferieningslibben, sawol yn Akkrum as provinsjaal", sa seit er.
Ferslachjouwer René Koster praat efkes by mei Wim Anker
Advokaat Wim Anker die syn ferhaal yn de rubryk 'Frisse Noas' dy't alle dagen efkes nei 15.00 oere te hearren is yn ús radioprogramma De Middei fan Fryslân.