41 bewenners fan azc Burgum besmet mei coronafirus, net in soad klachten

29 mrt 2021 - 21:01

By 41 bewenners fan it asylsikerssintrum yn Burgum is it coronafirus fêststeld. It giet foaral om gesinnen, dêr't minsken besmet rekke binne. Ut ûndersyk fan de GGD is dúdlik wurden dat it firus troch pjutten binnen kaam is.

Foto: Noordernieuws/De Vries Media

Lokaasjemanager Miranda Bakker

"Rond 16 maart kregen we door dat er een paar peuters besmet waren", fertelt lokaasjemanager Miranda Bakker. "Die hebben weer vaders, moeders en broertjes en zusjes."

In part fan de minsken dêr't it om giet is nei in spesjale lokaasje yn Haren yn Grinslân brocht. Dy hat it Centraal Orgaan Opvang Asielzoekers, it COA, dêr ynrjochte. De lokaasje is bedoeld foar minsken fan wa't de wenromte yn in azc net geskikt is om yn isolaasje of karantêne te gean. In oar part fan de besmette asylsikers is yn it azc sels yn isolaasje gien.

Hast gjin klachten

It giet goed mei de besmette minsken, seit Bakker. "Er zijn weinig tot geen klachten. De kinderen hebben soms een snotneus of moeten hoesten. Maar we hebben heel veel geluk, de mensen zijn niet ernstig ziek."

Het is een soort afspiegeling van Nederland. 90% van de mensen werkt heel goed mee en doet het fantastisch.

Lokaasjemanager Miranda Bakker fan it azc yn Burgum

En de minsken hâlde har ek goed oan de maatregels. "Het is een soort afspiegeling van Nederland. 90% van de mensen werkt heel goed mee en doet het fantastisch. Echt een compliment voor de gezinnen hier. Je hebt ook wat mensen die hat lastig vinden om binnen te blijven, omdat ze geen klachten hebben. Maar ook dat gaat goed."

Trefwurden: 
Burgum AZC coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)