FC Burgum yn de race foar titel 'Sportaccommodatie van het Jaar 2021'

FC Burgum makket kâns op de titel 'Sportaccommodatie van het Jaar 2021' te wurden. De fuotbalklup is troch sportkoepel NOC*NSF mei twa oare klups nominearre foar de titel.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
By de takenning wurdt benammen sjoen nei hoe duorsum klups binne. En dan giet it net allinne om it brûken fan sinnepanielen of it isolearjen fan de akkommodaasjes, mar ek hoe't oare saken - lykas de omjouwing - dêrby belutsen wurde.
Op 22 april wurdt bekend of FC Burgum him tenei 'Sportaccommodatie van het Jaar 2021' neame mei.
Foarsitter Dirk van der Woude fan FC Burgum