Lilkens en frustraasje oer ekstra gaswinningsplan Vermilion

Frustraasje en lilkens oer de foarnommen útwreiding fan de gaswinning yn Tytsjerksteradiel. It bedriuw Vermilion wol dêr de kommende 30 jier nochris 11 miljard kúb gas út de grûn helje. It giet om winning út besteande gasfjilden. Dêrnjonken hat Vermilion plannen om nije putten oan te boarjen.
Lilkens en frustraasje:
Op dit stuit wint Vermilion al gas út in ferskaat oan putten yn de gemeente Tytsjerksteradiel. Der leit in njoggental putten yn it gebiet om Burgum hinne. It bedriuw hat no by it ministearje fan Ekonomyske Saken in winningsplan yntsjinne. Dêryn stiet dat der maksimaal 11 miljard kúb ekstra gas út de grûn helle wurde kin oant 2050.

Noch net wis

Hidde Baars fan Vermilion: "Dat is ons meest gunstige scenario. Je moet in het winningsplan een getal noemen, maar dat kan veranderen. Realistischer is dat het lager wordt." It plan is dus noch net definityf, sa seit Baars: "Het wordt nu beoordeeld door het SODM en onderzoeksinstituut TNO. Die moeten beoordelen of het kan. Dan komt de adviesaanvraag bij gemeenten."

Boaiemdelgong

De winning hat gefolgen foar de boaiemdelgong yn it gebiet. Dy delgong wurdt no ynskat op in 23 sintimeter. As de gaswinning neffens plan trochgiet, kin dat oprinne oant al gau dik 30 sintimeter. FNP-riedslid Freddy de Haan fan Tytsjerksteradiel is poer. "Der is al sprake fan boaiemdelgong. De Burgumer Mar is al fersakke. Dan komt dit der ek noch boppe-op. Dat hat grutte konsekwinsjes."
© ANP Foto
By Vermilion is dat bekend. Baars: "Mocht het doorgaan dan gaan we met gemeenten en Wetterskip Fryslân bekijken wat er gedaan moet worden om die verzakkingen te compenseren. Dat gaat dan met name om de waterhuishouding in dat gebied."

Lilke brief

De gemeente Tytsjerksteradiel en ek buorgemeente Achtkarspelen binne yn in technyske briefing al op de hichte brocht fan it foarnimmen fan Vermilion. Se binne dêr poer op tsjin en ha in brief stjoerd oan it ministearje fan Ekonomyske Saken. Se jouwe dêryn oan dat se perfoarst tsjin de útwreiding fan de mynbouaktiviteiten fan Vermilion binne. Se wolle dan ek dat de minister net ynstimt mei it foarnimmen.
© TNO-AGE
Wethâlder Tytsy Willemsma fan Tytsjerksteradiel