Cambuur Sjoernaal: Foar it earst dit seizoen ferlies yn in útwedstriid

SC Cambuur hat snein foar it earst dit seizoen in útwedstriid ferlern. Yn Kerkrade gienen de Ljouwerters mei 3-1 ûnderút tsjin Roda JC. Yn it Cambuur Sjoernaal sjogge we wiidweidich werom op de wedstriid.
Cambuur Sjoernaal
Cambuur spile in matige earste helte en kaam terjochte mei 1-0 efter. Yn de twadde helte wienen de Ljouwerters de bettere ploech. It wachtsjen wie op de lykmakker, mar Cambuur miste in grut tal kânsen. Roda JC profitearre en mei 2-0 like de wedstriid spile. Robert Mühren brocht mei syn goal yn de 85e minút de spanning noch werom, mar Roda JC wist yn de slotfaze noch in kear te skoaren.