Partij voor de Dieren stelt fragen oer ôfsjitten deimen yn Mildaam

Steatelid Menno Brouwer fan Partij voor de Dieren sil woansdei fragen stelle oan Provinsjale Steaten oer de plannen om deimen (damherten) ôf te sjitten yn Mildaam. It ôfsjitten fan de bisten soe nedich wêze om sa de ferkearsfeiligens te garandearjen. Mar neffens de Partij voor de Dieren is dat net nedich.
© ANP Foto
Neffens ynformaasje dy't de partij opfrege hat by de plysje, ha der yn fjouwer jier tiid mar trije oanridingen west yn Mildaam mei in deim. Dat soe gjin reden wêze foar it ôfsjitten. Faunabeheereenheid Fryslân seit dat der yn de ôfrûne trije jier yn totaal 20 oanridingen west ha yn Fryslân.
Steatelid Brouwer wol graach mear ynformaasje oer it beslút om op de bisten te jeien.