Brân by gemybedriuw BASF op It Hearrenfean

29 mrt 2021 - 10:51

De brânwachtkorpsen fan It Hearrenfean en Grou binne moandeitemoarn oproppen foar in brân by gemybedriuw BASF op It Hearrenfean. De brân soe nei alle gedachten ûntstien wêze yn it plafond, mar wie rap ûnder kontrôle.

Foto: Jaring Rispens

By BASF meitsje se grûnstoffen foar farve, drukinkt, autolak en isolaasjemateriaal. Ek wurde der helpstoffen foar beton produsearre.

(Advertinsje)
(Advertinsje)