Britsk satellytbedriuw spant koart pleit oan om 'earen fan Boerum'

29 mrt 2021 - 10:26

In Britsk satellytbedriuw spant in koart pleit oan tsjin de steat oer de 'earen' fan Boerum. Dat skriuwt it Financieel Dagblad. It satellytbedriuw moat fan it ministearje fan Ekonomyske Saken syn skûtels út it Fryske doarp fuorthelje, mar wol dat net.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Mei de skûtels yn Boerum wurde needsinjalen fan skippen op see opfongen. It Nederlânske ministearje fan Ekonomyske Saken wol de skûtels fuort hawwe, om't it nije 5G-sinjaal foar steuringen soargje sil.

De Britske skûtels sitte nammentlik op deselde frekwinsje as 5G. De Britten sizze gjin kant út te kinnen en wolle fia de rjochter ôftwinge dat se dochs yn Boerum bliuwe meie.

Trefwurden: 
ekonomyske saken Boerum 5G
(Advertinsje)
(Advertinsje)