Ynwenners Warkum heffe it glês op glêsfezel

29 mrt 2021 - 09:55

Yn noch gjin moanne tiid is Warkum der yn slagge genôch ynwenners te finen dy't har oanslute litte wolle op glêsfezel. Dêrom kin der begjin april al úteinset wurde mei de oanlis fan rap ynternet yn de stêd. Dat wurdt moandeitemiddei fierd troch Pleatslik Belang troch op De Merk mei in lyts groepke minsken it glês te heffen.

Foto: ANP Foto

Yn maart sette der in kampanje útein yn de stêd om minsken te attindearjen op de mooglikheid om har oan te melden foar rap ynternet. Yn in koart skoftke tiid melden har genôch ynwenners oan, sadat der fuortendaliks begûn wurde kin mei de oanlis.

Richard de Vries, foarsitter fan Pleatslik Belang Warkum, is optein dat sa folle ynwenners har oanmeld hawwe. "Thuiswerken, onderwijs en ontspanning; we merken in deze tijd meer dan ooit hoe belangrijk het is om over goed en snel internet te beschikken."

Trefwurden: 
Warkum glêsfezel
(Advertinsje)
(Advertinsje)