Gjin 'waarm bad' foar earste swimmers iepenloftswimbad It Gryn

29 mrt 2021 - 08:53

As ien fan de lêste provinsjes yn Nederlân hat Fryslân no ek in iepenloftswimbad dat earder iepen is. Op moandei meie yn swimbad It Gryn yn Stiens de baantsjesswimmers wer it wetter yn. In soad oare Fryske iepenloftswimbaden soene ek graach iepen wolle, mar hawwe simpelwei it jild hjir net foar.

Yn Stiens giet it bad iepen, mar foar Hallum is it te djoer:

Troch de lockdown binne de oerdutsen swimbaden al sûnt desimber ticht foar it publyk, mei útsûndering fan swimlessen dy't in pear wike lyn wer úteinset binne. Gewoanwei iepenet swimbad It Gryn pas yn maaie de doarren. "Ik ben heel blij dat wij zes weken eerder open kunnen. Niet alleen ik, maar de gehele organisatie heeft er heel veel zin in. We mogen weer, eindelijk!", fertelt bedriuwslieder Arnold van Oostrum fan It Gryn.

Gjin "waarm bad"

Swimmers dy't net wachtsje kinne op it iepenjen fan de binnenbaden, hoege gjin echt "waarm bad" yn Stiens te ferwachtsjen. "De temperatuur van het water zal 21 graden zijn, dat is niet warm", fertelt Arnold van Oostrum. "Vaak is de temperatuur rond de 24 graden. Onder andere door de Wim Hof-methode vinden steeds meer zwemmers het leuk om in een koud bad te gaan zwemmen."

De kachel omheech

Swimmers fan Orca út Ljouwert hiene moandeitemoarn de eare om der as earste yn te springen. "Het was nog best fris met 21 graden, net wat aan de koude kant", fûn ien fan de swimmers. "We gaan de kachel nog een paar graden omhoog doen, dan scheelt het niet heel veel meer met binnen zwemmen", fertelt Van Oostrum. "In de nacht verlies je toch gauw twee of drie graden warmte. Dat levert ons een beetje extra stookkosten op, maar in deze coronatijd is het belangrijk dat je mensen toch iets kunt bieden."

Ferslachjouwer Johanna Brinkman hifket de temperatuer fan it swimbad yn Stiens

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Neist It Gryn giet op 1 april ek swimbad It Paradyske yn Kollum earder iepen, mar dêr bliuwt it by. Spitigernôch hawwe de oare swimbaden yn Fryslân dy lúkse net. Swimbad De Klomp yn Wommels, Laco Bosbad yn Appelskea en De Sawnstjerren yn Hallum iepenje ein april de doarren. "It kostet in soad jild om it wetter op in noflike temperatuer te krijen, omdat it noch sa kâld is", seit Jantine Kuiken fan De Sawnstjerren. "Ik wurke froeger ek foar It Gryn. It swimbad yn Stiens hat mear jild en in gruttere buffer as wy."

De Blauwe Kamp

Besikers fan swimbad De Blauwe Kamp yn Nij Beets moatte noch krekt efkes wat langer wachtsje. It swimbad giet op 15 maaie iepen. Se binne noch dwaande mei de tarieding op it nije seizoen. "Wy hawwe dit jier de masinekeamer reparearre. Der moast in nij suveringssysteem ynstalleare wurde. Dit hat ús sawat 40.000 euro koste", fertelt foarsitter Rik Mulder. "Dêrtroch kinne wy gjin jild mear útjaan om it bad op te waarmjen."

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Swimme yn Jobbegea

Ek yn Jobbegea moatte swimmers noch geduld ha; pas yn juny sil it bûtenbad iepen. Dit hat ek mei de finânsjes te meitsjen. Foarsitter Rob Broers is benaud dat der troch it earder iepenjen fan de iepenloftbaden mear subsydzje frege wurdt, wêrtroch't minder oerbliuwt foar harren swimbad. "Wy ha ferline jier net iens iepen west fanwegen it coronafirus. It kostet in soad jild om te iepenjen. Dat is foar ús, mar foar elk oar lyts iepenloftswimbad gewoan net helber." Broers fynt it betider iepenjen fan de oare baden dêrom ûntferantwurde.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman telt it tal swimmers yn It Gryn

(Advertinsje)
(Advertinsje)