Kollum: "De doar op in kier"

"De wekker giet en BAM: ik stean daliks neist it bêd. Thys freget oft ik miskien siik bin. Ik flean ûnder de dûs troch, wurkje gau wat músly nei binnen en stap dan mei in lytse kribel yn 'e búk de auto yn. It is sa lang lyn.
© Janneke de Haan
De toan fan Janneke de Haan
Ik sjoch it grutte Tryatergebou al yn 'e fierte stean. Ik rin it gebou yn en fuortendaliks rûk ik de rook fan teäter. Mar dy is wol mingd mei de rook fan Andy. Ek by Tryater ha se fansels coronabelied en wurdt der in protte skjinmakke. It is in gek gesicht; al dy mûlkapkes dy't foarby rinne. Hoewol't der blier 'hoi' sein wurdt, komt it derút as in dof lûdsje. Mar it makket neat; wy binne der wer.
It is in jier lyn dat ik by Tryater de alderearste parsekonferinsje seach. Dat alles en elkenien ophâlde moast mei wat wy it leafste dogge en dat de wrâld op slot gie. Ik wit noch dat der in senuweftige sfear hong; wat barde der en hoe lang soe dit duorje? Nei dy parsekonferinsje ha ik gjin repetysjeromte mear fan binnen besjoen. Alle projekten waarden annulearre of ferpleatst nei ea in kear yn 'e takomst.
Ik stap de lytse seal yn en Willy is al oan it opwaarmjen. Ik sjoch har stadichoan ko wurden. Se is hearlik oan it wjerkôgjen en beweecht, krekt lykas in ko, hiel stadich troch de romte. Underwilens ha wy it der oer dat in ko mar tweintich minuten sliept en dat hy it leafste ûnder de jokteboarstel stiet. Wy ha de grutste wille. Ik mei nammentlik hieltyd in beuker boartsje. Wy meitsje in foarstelling oer kij en de beukers meie meidûnsje. Wat hie ik dat sels leuk fûn as ik beuker wie. Mar, by in tekoart oan echte beukers yn it repetysjelokaal, moat ik no dan dus mar meidûnsje. Gjin gesicht fansels. Ik bin sa stiif as in planke.
De dei fljocht om. Wat wie dat hearlik. Moarn efkes by de boer op besite. Want wy spylje de foarstelling tusken de kij op de buorkerij. Jûns bin ik út 'e liken. In dei repetearje, is hiel oars as in dei 'zoome'. Wêr'tst trouwens ek wurch fan wurdst, en fjouwerkante eagen fan krijst. Mar it is in oare wurgens. No fiel ik in 'lekkere' wurgens.
De doar stiet op in kier, mar eins mei hy noch wol wat fierder iepen. Sadat ek it publyk wer komme kin. Want sûnder publyk gjin teäter. Mar Willy en ik ha goede moed. Wy ûntwikkelje mar leafst trije ferzjes fan 'e foarstelling. De 'normale' (en fansels de leukste) op de buorkerij, mar ek ien foar yn it boarterslokaal en op it gersfjild neist skoalle. Yn dizze tiden moatst in bytsje 'omtinke'. En dêr binne wy net fiis fan.
Op nei in moaie maitiid, wêryn't hooplik hûnderten beukers nei de buorkerij komme kinne om meiïnoar en mei Willy in ko te wurden."