De smartphone yn april oan 'e kant; kinsto eins noch sûnder?

Mear as trijehûndert oeren sûnder mobile telefoan; it soe foar de measte minsken in straf wêze. Dochs gean studinten en dosinten fan ROC Friese Poort de útdaging oan. Fan 31 maart oant 16 april lizze sy harren smartphone oan de kant. It inisjatyf komt fan dosint Jeroen de Jong. "As ik al dy learlingen en dosinten om my hinne sjoch mei de telefoan, dan tink ik: it mei wol wat minder."
© ANP Foto

Pikefel

De Jong is no fiif jier dosint op it MBO en hy sjocht om him hinne hoe't de mobile telefoan hieltyd wichtiger wurdt. Hy docht al trije jier ûndersyk nei skermtiid fan learlingen. Hy frege learlingen wannear't se harren mobyltsje brûke en skrok fan de antwurden. "De studinten brûke har mobyl wylst se mei de hûn kuierje, in filmke sjogge, spultsjes spylje en sels ûnder de dûs. Dizze ferhalen joegen my pikefel, en gjin goeie pikefel. It is hiel gewoan dat learlingen 7 oant 8 oeren deis op harren mobyl sitte. Dat bestjut datst in tredde part fan dyn dei op dyn mobyl sitst. Dat is in hiel soad."

#stilwanneerikwil

Twa jier lang besiket De Jong al omtinken te freegjen foar de stiging fan it brûken fan mobyltsjes. De earste kear frege er learlingen om harren mobyl twa wiken lang yn 'e klús te lizzen. Safier giet er dit kear net. Hy hat foar dit jier de module #stilwanneerikwil ûntwikkele. "Do meist no sels beslute wannear't de mobyl oan de kant giet, bygelyks ast te kuierjen giest mei de hûn of ast in film sjochst. Ek binne der studinten en dosinten dy't harren simkaart út de smartphone helje en dy yn in âlderwetske Nokia-telefoan dogge, sadat se allinnich noch belje kinne."

Heger nivo

De Jong is ambisjeus. "Dit inisjatyf moatte wy op in heger nivo oppakke. Der sil beleid komme moatte op ús skoalle oer hoe't wy omgean mei mobile telefoans. Yn stee fan mear stopkontakten soene der wat my betreft mear fuotbaltafels komme moatte yn de kantine, sadat wy wer mear kontakt hawwe mei elkoar. Dat jildt net allinnich foar learlingen, mar ek foar dosinten. It earste dêr't myn kollega's om sykje as se de kofjekeamer ynkomme, is in stopkontakt om de telefoan op te laden."

Ofkick-fideo

De Jong freget syn learlingen om by te hâlden hoe't it ôfkicken fan harren mobyltsje befalt. Studinten kinne bygelyks in blog skriuwe of in vlog meitsje. Ek sille der learlingen yn in livestream fertelle oer de problemen dy't se tsjinkomme. Uteinlik sille se ek in fideo meitsje, wêryn't se útlizze hoe't se dizze perioade trochkaam binne. Dizze fideo wurdt op 16 april útstjoerd.
Dosint Jeroen de Jong