Tekoarten ûnderdielen fytshannel troch stagnearjen seehannel

Ferskate sektoaren begjinne stadichoan de gefolgen te fernimmen fan it grutte frachtskip dat it Suezkanaal blokkearret. It skip is fêstrûn en soarget derfoar dat frachtskippen út Azië net trochfarre kinne yn de rjochting fan Europa. Dêrtroch leit ek de oanfier fan guod al dagen stil. Ien fan de sektoaren dy't der lêst fan hat is de fytsehannel. Hendrik Jan Kramer is eigener fan in fytsesaak yn Appelskea en moat no somtiden al nee ferkeapje.
Tekoarten ûnderdielen fytshannel troch stagnearjen seehannel
De hiele hannel oer see gie ûnder de coronakrisis al stroef om't de produksje yn Azië in skoftke stillein hat. No komt dizze situaasje der ek noch by. "Der steane no fytsen oardel moanne te wachtsjen op reparaasje, om't we wachtsje op ûnderdielen. Ek de fytseprodusinten hawwe der lêst fan. Der komt by ús yn de winkel gjin mountainbike mear by", sa seit Kramer.
It stekt wol dat hy no nee ferkeapje moat, want it binne drokke tiden troch de coronakrisis. In soad minsken geane der yn de bûtenloft op út en fytse in soad. Hy tinkt dat de takomst ûnrêstich wurdt. "It seizoen moat noch begjinne, mar ik bin no al oan it ynkeapjen foar de simmer yn 2022, dat haw ik noch nea meimakke."
Ferslachjouwer Wendy Kennedy op besite by de fytsesaak
© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy