Henk de Jong nei ferlies: "Net fan dat heale wurk, mar potdomme over mijn lijk"

Sportklup Cambuur gie sneintemiddei mei 3-1 ûnderút tsjin Roda JC. Yn Kerkrade begûn Cambuur net goed oan it duel, wat soarge foar in 1-0 efterstân by it skoft. Yn de twadde helte wie Cambuur folle better, mar de Ljouwerters krigen ek noch de 2-0 tsjin. It waard noch even spannend, mar úteinlik wûn Roda it duel.
Henk de Jong nei de nederlaach tsjin Roda JC
Trainer Henk de Jong baalde nei ôfrin fan de wedstriid stevich fan it ferlies, dat hy ûnnedich neamde: "Ik fûn ús net skerp by de start fan it duel, en dat begryp ik net goed. Gewoanwei dogge wy dat folle better. Wy ferlieze dizze wedstriid op basis fan de earste helte, en dat kinne wy dan yn 'e slotfaze net mear rjochtbreidzje. Dan ferlieze je terjochte."

'Fleugels net goed genôch'

Cambuur hie benammen problemen op de fleugels, seach De Jong. "Ik fyn ús fleugels op dit stuit net top, mar klear. Dat dogge dy mannen ek net mei opset. En ik ha ek goede dingen sjoen, bygelyks Alex Bangura. Hy die it dan wer hiel knap."
Nettsjinsteande it ferlies giet Cambuur noch altyd oan kop yn de earste difyzje. "Ferlieze is neat oan, kinst better winne. Mar ik fyn dat wy ek as kampioen spylje moatte. Net fan dat heale wurk, mar potverdomme over mijn lijk. Dat fûn ik yn hjoed net goed genôch."
Oanfierder Erik Schouten oer de nederlaach tsjin Roda JC
Oanfierder Erik Schouten wie it mei syn trainer iens dat it benammen yn de earste helte mis gie. "De eerste helft hadden we het in balbezit, en ook bij balverlies, niet goed voor elkaar. De tweede helft zetten we dan wat om, dan voetballen we er ook makkelijk doorheen, maar dan valt die goal niet. Terwijl we echt een paar grote kansen kregen. Dat is heel erg zuur."
Sels nei de 2-0 hie de ferdigener noch it idee dat der wat te heljen wie. "We hadden echt wel het geloof dat het nog kon. We creëerden echt heel veel, schieten nog op de paal, hun keeper pakt er een paar. maar als je dan de 3-1 tegen krijgt is het klaar. Dan sta je na afloop met een rotgevoel. We weten dat we niet het hele jaar alles kunnen winnen, en dit hoort er dan bij. Nu moeten we echte mannen zijn en doorgaan naar de volgende wedstrijd."