Sels wannear't se derom freegje krije froulju minder gau leansferheging as mannen

28 mrt 2021 - 19:23

Froulju krije minder gau leansferheging as manlju as se om opslach freegje. By manlju wurdt 56 persint fan de fersiken om mear jild ynwillige. By froulju is dat 46 persint. Wannear't in goeie beoardieling de basis is foar in leansferheging krije mannen sels twa kear faker opslach as froulju. Dat blykt út ûndersyk fan it fakbûn CNV ûnder 3000 leden.

CNV-foarsitter Piet Fortuin - Foto: ANP

It is de earste kear dat dit soarte ûndersyk dien wurdt seit CNV foarsitter Piet Fortuin. Hy is fernuvere oer de útslach en wit noch net krekt wêr't it ferskil wei komt. Wol wiist hy derop dat mannen faak wat assertiver binne en mooglik mear op in leansferheging oantrúnje. Fortuin fynt it raar dat wurkjouwers de mannen earder leansferheging jouwe: "De wurkjouwer is der skynber gefoeliger foar om it faker te jaan as in man it freget dan as in frou it freget. Dat is hiel apart."

Neffens Fortuin is ien fan de mooglikheden om it ferskil op te lossen dat wurknimmers op de wurkflier iepener prate oer harren lean en eventuele leansferheging. "Guon tinke dat dit wol regele is yn de CAO. Mar dat is fansels foar lang net alle leansferhegingen of ekstraatsjes sa. Praat der bygelyks mei inoar oer by it kofjesetapparaat."

Ferslachjouwer Gerrit de Boer yn petear mei Piet Fortuin

Trefwurden: 
froulju CNV lean Piet Fortuin
(Advertinsje)
(Advertinsje)