SC Cambuur teloarstellend ûnderút op besite by Roda JC

Sportklup Cambuur hat sneintemiddei teloarstellend ferlern fan Roda JC. Yn Kerkrade waard it 3-1 foar de thúsploech, nei in 1-0 foarsprong foar Roda by it skoft. De Ljouwerters bliuwe nettsjinsteande it ferlies wol oan de lieding yn de earste difyzje.
© Orange Pictures
Yn it begjin fan de earste helte wiene der fuortendaliks grutte kânsen foar beide ploegen. De earste wie foar Cambuur, mar it skot fan Doodeman waard út it doel helle troch Bakker. Oan de oare kant fan it fjild moast keeper Stevens twa kear rêding bringe doe't Falkenburg en Pflücke troch de Ljouwerter ferdigening rûnen.
Op it each hie de thúsploech dêrnei it oerwicht yn de wedstriid, en nei rom in heal oere spyljen kamen de Limboargers ek op foarsprong. Vente koe troch de ferdigening fan Cambuur rinne, seach dat Stevens syn skot pakte, mar de rebound wie raak foar Erik Falkenburg. Cambuur besocht it dêrnei wol, mar fierder dan in skot fan Oratmangoen njonken de goal fan Roda kaam de ploech foar it skoft net mear.

Cambuur komt der net troch

It earste gefaar yn de twadde helte kaam fan Cambuur. Keeper Hoekstra fan Roda stoppe de bal fan ynfaller Michael Breij, doe't frij úthelje koe. Efkes letter gie Mühren allinnich op Hoekstra ôf, mar wer stie de keeper fan Roda in doelpunt yn it paad.
De ploech fan trainer Henk de Jong besocht mear drok te setten op Roda, mar slagge dêr net yn. De Limboargers hiene de ferdigening goed op oarder en kamen der sa no en dan gefaarlik út. Cambuur hie wol in soad balbesit, mar die der net genôch mei.

Ljouwerters sette oan, Roda profitearret

Tweintich minuten foar tiid wie Mees Hoedemakers noch tichtby de lykmakker, mar syn skot gie krekt njonken de goal. Dat wie wol oanlieding foar Cambuur om nochris oan te setten. In pear minuten letter rekke Mühren de peal nei in prima oanfal oer rjochts. Efkes letter krige wer Hoedemakers in grutte kâns, mar keeper Hoekstra stie wer yn it paad. Oan de oare kant fan it fjild wie it Roda dat wol skoarde, doe't Pflücke gjin bûtenspul stie en der 2-0 fan makke.
Fiif minuten foar tiid brocht Mühren de spanning werom yn it duel, doe't hy de 2-1 makke. Dy spanning yn de wedstriid duorre net lang, want út in hoekskop fan de thúsploech gie der fan alles mis achteryn by Cambuur sadat Luijckx der 3-1 fan meitsje koe.
It is pas de fjirde nederlaach fan it seizoen foar Cambuur, dat noch wol oan de lieding stiet yn de earste difyzje.
Roda JC - SC Cambuur 1-0 (1-0). 32. Erik Falkenburg 1-0, 80. Patrick Pflücke 2-0, 85. Robert Mühren 2-1, 88. Kees Luijckx 3-1
Opstelling SC Cambuur: Stevens; Schmidt, Schouten, Mac-Intosch (63/Kramer), Bangura; Hoedemakers, Ter Heide (46/Sambissa), Oratmangoen (79/Ladan); Doodeman (69/Kallon), Mühren, Korte (46/Breij)