Judoka Natascha Ausma pakt goud op grand slam yn Tbilisi

Judoka Natascha Ausma hat sneintemiddei goud wûn op it grand slam fan Tbilisi. Yn de Geörgyske haadstêd wie Ausma yn de klasse -78 kilo yn de finale te sterk foar de Nederlânske Karen Stevenson. Se beslikke de finale mei in ippon.
© Orange Pictures
Ausma wie yn de finale kaam troch fjouwer partijen mei ippon te winnen. Yn de heale finale pakte se nei in ferlinging de winst tsjin de Russin Aleksandra Babintseva. Yn oktober wûn Ausma noch brûns op it grand slam fan Budapest.
Earder dizze wike kaam Tornike Tsjakadoea yn aksje yn Tblisi. Yn de wedstriid om it brûns moast de 24-jierrige Ljouwerter it ôflizze tsjin Sjajboz Saidaboerorov út Tadzjikistan.
Sjoch hjir nei de finale fan Natascha Ausma tsjin Karen Stevenson: