CDA-pommerant Sjoerd Galema: "Pieter Omtzigt moat vice-premier wurde"

28 mrt 2021 - 15:21

As it CDA yn in kabinet komt. soe Pieter Omtzigt vice-premier wurde moatte. Dat fynt CDA-pommerant Sjoerd Galema fan Hartwert. Tieneke Clevering fan de partij Water Natuurlijk yn it wetterskip sjocht foar Omtzigt wol in funksje as steatssekretaris fan belestingsaken. Galema en Clevering seine dat yn it radioprogramma Buro de Vries fan Omrop Fryslân.

Ferkiezingsposters fan Omtzigt yn Zwolle - Foto: ANP

Neffens âld-deputearre Galema is it fertrouwen fan de boarger yn de polityk fan 'e wike nei in djiptepunt gien, doe't dúdlik waard dat oan de ûnderhannelingstafel foar in nij kabinet de posysje fan CDA-Keamerlid Omtzigt ta diskusje like te stean. Op de papieren fan ferkenner Ollongren wie te lêzen 'Omtzigt, functie elders'.

'Dialooch wer sykje'

Galema fynt dat dêrmei de posysje fan it Keamerlid ûndermine wurdt. Dêr komt neffens him by dat Omtzigt in soad foarkarstimmen hat, mar dochs negearre wurdt. Dat docht de polityk gjin goed. Hy tinkt dat it fertrouwen fan de boarger dêrmei ek skeind wurdt en dat minsken lykas Omtzigt just koestere wurde moatte. De dialooch moat neffens him wer socht wurde en de skerpe rânen moatte derfan ôf. It kommende kabinet moat wat dwaan mei de wjerstân dy't dêroer ûntstien is, sa seit Galema.

Fierders pleitet Galema foar in regearakkoart foar twa jier op haadlinen. Dêrnei soe wer sjoen wurde kinne hoe't de partijen fierder moatte. De kâns dat it CDA yn it kabinet komt, is lyts tinkt Galema: "It CDA sil wol twa kear neitinke foar't se der ynstappe."

Sjoerd Galema en Tieneke Clevering fine dat Omtzigt in plakje krije moat yn it nije kabinet

(Advertinsje)
(Advertinsje)