Fuotbalfroulju SC Hearrenfean yn spektakelstik ûnderút tsjin VV Alkmaar

28 mrt 2021 - 14:53

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean ha sneintemiddei yn in spektakelstik ferlern fan VV Alkmaar. Nikée van Dijk skoarde trije doelpunten foar de Feanster froulju, mar dat wie net genôch. Nei it lêste fluitsinjaal stie der yn Alkmaar 4-3 foar de thúsploech op it skoareboerd.

Foto: Orange Pictures

De earste kâns fan de wedstriid kaam op namme fan Hearrenfean. Spits Kirsten van de Weteringh slagge der net yn om de bal binnen te wurkjen. Dêrnei naam Alkmaar de wedstriid oer, en dat soarge foar de 1-0 foarsprong troch Natasha Brough nei in lytse tweintich minuten.

In kertierke letter knokte Hearrenfean him werom yn de wedstriid, troch de earste goal fan Nikée van Dijk. 1-1 wie ek de stân by it skoft. Yn de twadde helte gie it lyk op, oant de sechstichste minút. Doe wie it Emmeke Henschen dy't Alkmaar op foarsprong brocht. Noch wer tsien minuten letter wie it Chimera Ripa dy't it ferskil op twa brocht.

Nikée van Dijk nimt Hearrenfean by de hân

Mei noch tsien minuten te gean like de wedstriid klear, mar dat wie bûten Nikée van Dijk rekkene. Mei har twadde en tredde goal soarge sy derfoar dat de Feanster froulju dochs noch dreame mochten fan in punt.

Spitigernôch mocht dat net sa wêze. Yn de blessueretiid krigen de Feansters it lid op 'e noas doe't Chantal Schouwstra de 4-3 makke. Nei de nederlaach is de kompetysje no klear foar SC Hearrenfean.

De froulju binne as sechsde einige mei 12 punten út 14 duels. Dêrom moatte se no mei PEC Zwolle, VV Alkmaar en Excelsior de striid oan yn de degradaasjepûl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)