Suzan Kuypers blikt werom op jeugd mei dominante Turkske heit

28 mrt 2021 - 18:42

Ferhalen fol geweld út de jeugd fan de heal-Turkske Suzan Kuypers (41) út Ljouwert lizze op strjitte no't de roman 'De Atlas van Overal', skreaun troch har broer Deniz Kuypers, yn de boekhannels leit. Ferbaal en fysyk geweld komme by harren thús in soad foar, sa't beskreaun wurdt yn de passaazje dêr't Suzan hast yn smoard wurdt troch har heit dy't poerlilk is. Hoe kin in âlder syn bern soks oandwaan? Dat kin de lesbyske Suzan, dy't mei har frou op it punt stiet om sels mem te wurden, noch altyd net begripe.

Suzan Kuypers mei it boek 'De Atlas van Overal' - Foto: Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma

Yn it boek 'De Atlas van Overal' blikt Deniz Kuypers werom op harren jeugd yn Hengelo mei in Nederlânske mem en in autoritêre Turkske heit. Neist dizze húshâlding yn Nederlân hat er noch in frou en bern yn Turkije. Geregeld reizget er tusken de twa wrâlden hinne en wer, mar op gjin inkeld plak fielt er him echt thús. Yn it gesin bestiet in soad ferbaal en fysyk geweld.

Syktocht nei dy thúsfiele

As Deniz 20 jier is, reizget er nei Amearika om dêrnei jierrenlang gjin kontakt mear te ûnderhâlden mei syn famylje. Dochs kin er syn bysûndere famyljeskiednis net langer ûntkenne, as er sels bern krijt. Wat is thús? Kinst dy thúsfiele yn in nij lân? Is dit gefoel itselde as wat syn eigen heit fielde doe't dy út Turkije wei nei Nederlân kaam?

Wannear't Deniz it kontakt mei syn suster Suzan wer oppakt, wurde se close en prate se in soad oer harren bysûndere jeugd. It is de basis foar syn roman dêr't Suzan in belangrike rol yn spilet as syn klankboerd.

Ik vind het belangrijk dat verhalen bewaard blijven. Het is daarom ook goed dat Deniz mij betrekt in zijn boek, ook al betekent dat dat er nu veel over mij bekend gaat worden.

Suzan Kuypers oer de roman 'De Atlas van Overal'

Foar Suzan, dy't al jierren mei har Fryske frou yn Ljouwert wennet, is it noch altyd dreech om oer har jeugd te praten. "Als kind besef je niet dat je in een onveilige situatie opgroeit, maar naarmate je ouder wordt, kijk je daar anders naar."

Bygelyks dat har heit har op in jûn hast smoart, as se te let thúskomt. "Het is onbegrijpelijk, dat een vader zijn kind zoiets aandoet. Helemaal nu ik zelf bijna moeder word, kan ik me dat niet voorstellen."

Suzan kin har dy bewuste jûn noch goed heuge. "Ik was die avond met een vriendin met de auto op pad geweest. Onderweg zijn we verdwaald. Ik ben waarschijnlijk later thuis gekomen dan ik had afgesproken, maar ik kreeg niet eens de kans om dat uit te leggen. Mijn vader was woest."

"Opeens gevloek, geschreeuw. Een klap van een lichaam dat tegen de muur geworpen werd. Zijn stem klonk als van een dolle hond. Wat hij precies riep weet ik niet meer. Hij maakte Suzan en mij vroeger allebei uit voor 'klootzak', dus dat zal het wel geweest zijn. En: 'Hoertje! Straatmeid!' Angstig opende ik mijn slaapkamerdeur en keek recht in het lijkbleke gezicht van mijn moeder, die in de deuropening van haar kamer stond en bewegingloos toekeek hoe mijn vader, in zijn rode badjas, het leven uit de strot van mijn zus perste." (út: De Atlas van Overal, side 33/34).

"Het was uiteindelijk mijn broertje die tot actie overging," fertelt Suzan mei in rêstige stim. Dochs is te merken dat it har tweintich jier letter noch in soad docht. Oer de traumatyske situaasje waard dêrnei thús neat mear sein. "In ons gezin werd niet gepraat. De volgende dag was alles weer normaal." Se fielt net it ferlet om it der no, as folwoeksen frou, nochris mei har heit en mem oer te hawwen. "Ik heb er hele lage verwachtingen bij. De erkenning is er bij hen niet. Ik ben bang dat het beetje band dat ik met hen heb verloren gaat, als we het hier over zullen hebben."

Gjin erkenning

Deniz beskriuwt dat hy it nei syn gefoel noait goeddwaan koe foar syn heit. Syn stim wie te heech, hy rûn te froulik en hy lies boeken dy't syn heit net goed genôch fûn, fertelt er. Hy studearre Ingelsk, mar je dienen der neffens harren heit pas ta as je dokter of advokaat wienen.

Suzan studearre rjochten - wylst se leaver skiednis of archeology studearre hie - en waard juriste. "Spontaan stond het beroep van advocaat niet meer in zijn lijstje", fertelt Suzan. Dochs siket se har libben lang nei dy erkenning. Se besocht de Turkske taal te learen en die muoite om de Turkske nasjonaliteit te krijen.

"Of ik op zoek ben naar die erkenning, dat weet ik niet. Onbewust wel, denk ik. Maar nu als volwassen persoon weet ik ook dat die erkenning nooit zal komen. Want dat is typisch mijn vader: hij is nooit tevreden, het is nooit goed genoeg, het moet altijd beter. Dus ik kan streven wat ik wil, maar het zal nooit goed genoeg zijn."

Romans fan Deniz Kuypers en Lale Gül - Foto: Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma

Opskuor by Turkske mienskip troch roman fan Lale Gül

In oare auteur mei Turkske woartels publisearre koartlyn ek oer har jeugd. De 23-jierrige studinte Lale Gül út Amsterdam beskriuwt yn har roman 'Ik ga leven' hoe't in jonge frou wrakselet mei har langstme nei in frijer (seksueel) libben, wylst se opgroeit yn in tradisjonele, Turkske húshâlding. It boek blykt by ferskinen autobiografysk te wêzen. Benammen Turken fine dat Gül de Turkske kultuer yn in kwea deiljocht set. Se moast sels ûnderdûke, om't se út ferskillende hoeken deadsbedrigings krijt.

Neffens boekhanneler Ronnie Terpstra fan boekwinkel Van der Velde yn Ljouwert ferskine der geregeld boeken fan bern fan (Turkske) migranten. "Mei wikseljend sukses." Neffens Terpstra binne de boeken fan Kuypers en Gül eins net mei-inoar te ferlykjen. "It boek fan Gül is mear in ôfrekkening mei de jeugd dêr't sy yn opgroeit. It boek fan Kuypers is mear in syktocht nei syn relaasje mei syn heit, no't er sels ek heit is."

Terpstra hat it boek fan Gül noch net lêzen. Hy fertelt dat út resinsjes bliken docht dat har boek stylistysk hiel 'rommelich' is. "De roman 'De Atlas van Overal' is oars: it is in bysûndere stim. Kuypers skriuwt hiel essayistysk, hy sitearret histoaryske boarnen, in bytsje sa't Frank Westerman docht. Dy kombinearret ek it persoanlike mei de grutte linen út de wrâldskiednis. Dat makket dit boek hiel bysûnder. It is in heftige famyljeskiednis."

Suzan Kuypers en Ronnie Terpstra - Foto: Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma

'Goed dat Turkske froulju fan har hearre litte'

Suzan fynt it posityf dat Turkske froulju, lykas Gül, harren stim hearre litte. "Ik heb het boek van Lale Gül nog niet gelezen, maar ik kan er natuurlijk alleen maar voor zijn als Turkse vrouwen van zich laten horen. Ik kan me die wens goed voorstellen dat je van je af wilt schoppen en wilt afrekenen met je jeugd, helemaal wanneer je twee levens leidt - eentje voor de buitenwereld en eentje in het echt. Toch is het boek van Deniz anders. Hij rekent niet af met zijn jeugd, maar ondergaat een zoektocht naar onze vader."

Benijd hoe't Suzan Kuypers weromsjocht op har jeugd, oer de ôfwêzigens fan har heit op har brulloft en hoe't sy sels yn it oansteande memmeskip stiet? Harkje dan nei ûndersteande reportaazje fan ferslachjouwer Froukje Sijtsma foar it radioprogramma Buro de Vries.

Ferslachjouwer Froukje Sijtsma praat mei Suzan Kuypers oer har autoritêre heit

(Advertinsje)
(Advertinsje)