Stipemars foar Omtzigt ek op De Lemmer

28 mrt 2021 - 09:34

De Lemmer is ien fan de plakken yn Nederlân dêr't snein rûn wurdt foar Keamerlid Pieter Omtzigt. De kuiertocht foar de CDA'er is in inisjatyf fan in ynwenner fan Veenendaal, dy't mei dizze 'walk a silent mile' oanjaan wol dat Omtzigt stipe yn de rêch fertsjinnet.

Stipemars foar Omtzigt ek op De Lemmer

It moat in rêstige mars wurde en gjin demonstraasje, seit de inisjatyfnimmer. In kuiertocht dêr't minsken ûnderweis mei-inoar prate kinne oer wêrom't se meirinne.

Neist De Lemmer wurdt de kuiere ek hâlden yn Eindhoven en yn Omtzigt syn wenplak, Enschede. De steunmarsen moatte om fiif foar tolven begjinne.

Pieter Omtzigt - Foto: ANP

Omtzigt kaam yn it nijs om't er op it fêsthâldende manier de taslagge-affêre foar it politike fuotljocht brocht. Goed 20.000 húshâldingen wiene troch de Belestingtsjinst ûnterjochte as fraudeurs bestimpele. It kaam sels ta in parlemintêre enkête dy't einlik de fal fan it kabinet-Rutte ta gefolch hie. Omtzigt driget no op in sydspoar set te wurden yn Den Haag.

Trefwurden: 
De Lemmer Pieter Omtzigt
(Advertinsje)
(Advertinsje)