Slim ynsidint yn Akkrum, man oanhâlden

De plysje moast sneontejûn yn aksje komme foar in slim ynsidint yn Akkrum. Yn de Folkert Kuipersstrjitte soe wat bard wêze. In man soe in oare persoan bûtendoar 'belaagd' hawwe.
© Kappers Media
Op Burgernet waard oproppen út te sjen nei in 22-jierrige man fanwege in 'ernstig incident'. Al gau waard yn de buert in fertochte oanhâlden. It is noch net bekend oft dy wat mei it ynsidint te krijen hat.
De plysje hat de omjouwing ôfset mei linten en de resjerzje is mei in ûndersyk begûn.