Aris wint wer ris nei alve ferliezen op rige

Aris hat sneontejûn foar it earst sûnt 23 jannewaris wer ris wûn. Nei alve ferliespartijen op rige, waard no de tsjinstanner fan doe opnij ferslein: de Almere Sailors waarden mei 90-72 werom nei hûs stjoerd.
© Omrop Fryslân, Eric Ennema
Ditkear hie Aris, dat earder dizze wike ôfskie naam fan de blessearre Jean-Victor Mukama, opnij in goed begjin: it earste kwart waard mei 19-15 ôfsletten.
Yn de twadde perioade pakten de Ljouwerters goed troch en by it skoft stiene se op 45-29. Yn it tredde kwart waard it 72-47. De Sailors kamen yn it lêste kwart noch wol wat werom, mar de winst kaam net mear yn gefaar: 90-72.

Elite B

Aris stiet nei 4 wedstriden op it fjirde plak fan de Elite B mei 6 punten. Om troch te gean nei de play-offs om it kampioenskip, moatte de Ljouwerters twadde wurde. It ferskil mei nûmer twa Weert is no 10 punten.