Muntsjesyl anneksearre troch Grinslanner gemeente Westerkwartier

27 mrt 2021 - 19:12

It doarp Muntsjesyl is dit wykein ynnaam troch de Grinslanner gemeente Westerkwartier. Alteast, dat docht bliken út foto's dy't opdûke op de Facebookpagina fan Pleatslik Belang Muntsjesyl. Dêrop is te sjen hoe't ûnder de Nederlânske namme Munnekezijl op de kombuorden oan de râne fan it doarp as gemeente Westerkwartier stiet. Muntsjesyl heart offisjeel by de gemeente Noardeast-Fryslân.

Der is al langer gedoch oer de kombuorden yn it noardeasten fan Fryslân. It giet dan benammen om de buorden yn de doarpen Warfstermûne, De Pomp, Boerum en Muntsjesyl. De fjouwer doarpen fine dat it in ûnnedich soad jild kostet om allinnich de Fryske plaknammen op it komboerd te setten. Yn septimber besleat de gemeenteried fan Noardeast-Fryslân unanym om de Fryske plaknammen fan de eardere gemeenten Dongeradiel en Kollumerlân offisjeel yn te fieren.

Earder dizze wike waarden de Nederlânske plaknammen fan de kombuorden yn Muntsjesyl, Boerum en Warfstermûne krast.

(Advertinsje)
(Advertinsje)