Sa wûn LDODK it twadde play-off duel tsjin Fortuna

LDODK hat sneon in tredde duel yn de play-offs fan de Kuorbal League ôftwongen. De kuorballers fan Terwispel/De Gordyk wûnen yn sporthal Kortezwaag mei 25-23 fan Fortuna. Omdat it earste duel fan de best-of-three ferlern waard, is in tredde, beslissende wedstriid nedich.
Sjoch hjir de hichtepunten fan it duel werom
LDODK, mei yn de basis opnij talint Ran Faber, sette goed útein yn de 1500e wedstriid ea yn de Kuorbal League. De ploegen skoarden om de beurt en joegen inoar yn de begjinfaze net mear as ien punt romte. Nei it ein fan de earste helte kaam LDODK efkes twa punten foar mar by it skoft wie de foarsprong dochs wer foar Fortuna: 11-12.
Dêr't de ploech fan trainer Henk Jan Mulder it yn de earste wedstriid tsjin Fortuna folslein lizze liet yn de twadde helte, lieten se dat sneon net barre: nei skoft waard fuort de 14-12 foarsprong pakt. Stadichoan naam Fortuna it spul wer oer en se kamen dan ek efkes op foarsprong.

Earste play-off oerwinning

De ploegen wikselen de foarsprong wat ôf, mar nei it ein liet LDODK sjen de sterkste te wêzen: yn de spannende slotfaze holden se de ploech út Delft op 25-23.
Om't LDODK de earste wedstriid fan de best-of-three ferlear, is der in tredde wedstriid nedich. Dy wurdt tiisdei spile yn Delft. Mei de winst hat de ploech fan Henk Jan Mulder ek in nuvere statistyk efter har litten: foar it earst sûnt de ynfiering wûn LDODK in wedstriid yn de play-offs.
LDODK-spiler André Zwart nei de oerwinning op Fortuna