22-jierrige frou út Achtkarspelen tydlik ûntfierd nei auto-ûngelok

27 mrt 2021 - 17:50

In 22-jierrige frou út Achtkarspelen hat freedtejûn koarte tiid ûntfierd west, nei't se belutsen wie by in auto-ûngelok. De plysje hat in 22-jierrige man út Grootegast oanholden foar saneamde 'wederrechtelijke vrijheidsberoving' fan de frou. Ek de man wie belutsen by it ûngelok.

Foto: Noordernieuws / De Vries Media

Freedtemiddei krige de plysje fan Grinslân in melding dat der op de Eesterweg by Doezum in auto, nei in botsing mei in oare auto, tsjin in beam riden wie. Yn de iene auto sieten in 21-jierrige automobilist út de gemeente Westerkwartier en in 22-jierrige frou út Achtkarspelen. Yn de oare auto siet de 22-jierrige man út Grootegast.

Nei it ûngelok soe de man de frou út de oare auto tsjin har sin yn meinaam ha. De oare bestjoerder moast mei in ambulânse nei it sikehûs brocht wurde. De plysje starte in syktocht, en de man melde him freedtejûn op it plysjeburo. Hy hie de frou doe by him. De man waard dêrop oanholden.

De plysje docht ûndersyk nei de saak. Yntusken is al wol dúdlik dat de fertochte en it slachtoffer bekenden binne fan inoar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)