Minder iensum troch in bân mei in byldzjend keunstwurk

27 mrt 2021 - 17:09

Keunst ynsette yn de striid tsjin iensumens. Dat bart mei ferskate projekten mei de namme 'Over de drempel' yn de gemeente Ljouwert. By ien fan dizze projekten krigen âlderein út Koarnjum en omkriten keunstwurken fan in byldzjend keunstner letterlik 'út fan hûs'. In lienkonstruksje dus.

Keunst kin helpe tsjin iensumens

Ien fan de dielnimmers is de 87-jierrige Josephine Land-Cohen. Se hat al mear as in jier in stien te lien, makke troch byldzjend keunstner Rosa Sijben. Se hat it keunstwurk sels in namme jûn: Olivier. "Iedere ochtend haal ik hem uit zijn doosje en soms valt hij en dan zet ik hem weer overeind", sa fertelt Land-Cohen.

Film as keunstwurk

It wie earst de bedoeling dat de keunstwurken by de dielnimmers thús tentoansteld wurde soene en dat publyk delkomme koe, mar doe kaam it coronafirus. Sijben moast alles omgoaie en hat úteinlik in film makke fan de dielnimmers en harren lienfoarwerpen. "De film is uiteindelijk het kunstwerk geworden dat we met z'n allen hebben gemaakt. Ik denk dat het leuk kan zijn om bij te dragen aan een groter geheel waar ook andere mensen aan bijdragen, zonder dat je elkaar fiysiek hebt ontmoet." De film is sneon coronaproof yn premjêre gien.

Harkje nei de bydrage fan ferslachjouwer Wendy Kennedy

"Ik verbaas me erover wat voor uitwerking het kunstwerk op me had", ferfolget Land-Cohen. "Het komt denk ik door het leven dat je leidt en hoeveel afleiding je hebt." Olivier moat no wer werom nei de byldzjend keunstner. Land-Cohen fynt dat wol spitich en sil it misse. "Maar ook hier wen je weer aan."

Over de drempel

It is ien fan de projekten fan Over de drempel. Der komt in nije rige fan dizze projekten. Op it stuit rint der in saneamde open call foar keunstners dy't in plan yntsjinje kinne. Dat kin noch oant en mei 17 april.

(Advertinsje)
(Advertinsje)