Primeur foar ús lân: brêgen iepenje mei je eigen telefoan

27 mrt 2021 - 16:36

It is in primeur yn Nederlân: Fryske brêgen kinne fan sneon ôf iepene wurde mei in druk op de knop, fia de saneamde watersport-app. De nije funksje op de app waard sneon lansearre by de iepening fan it wettersportseizoen.

De brêge iepenje mei in app giet sa

It giet no om 16 brêgen, mar dat wurde der 40. "We zien steeds meer dat toeristen toch wat meer comfort en luxe willen. Dat kun je met deze app ook leveren. Je hoeft niet meer eerst aan te meren met je boot, maar met één knop op de app gaat de brug voor je open", fertelt deputearre Avine Fokkens.

De brêgen binne oansluten op betsjinningssintrale it Swettehûs yn Ljouwert, dêr't in betsjinner it sinjaal fan de app ûntfangt. Dy soarget der dan foar dat de brêge ek echt iepen giet. Dochs is it net sa dat je sûnder app no nergens mear komme, leit Fokkens út: "Het is niet zo dat je per se de app moet hebben om door de brug te komen. De oude manier blijft gewoon bestaan."

Trefwurden: 
brêgen wettersport boaten app
(Advertinsje)
(Advertinsje)