Supportersferiening Cambuur ropt op: freegje net om restitúsje seizoenkaarten

27 mrt 2021 - 16:12

Cambuursupporters dy't rjocht ha op kompensaasje foar har seizoenkaart, soene dat net oanfreegje moatte. Dy oprop docht supportersferiening Kern van Cambuur. Neffens foarsitter Kees Elzinga kin de klup dat jild no goed brûke.

Foto: Orange Pictures

Cambuurfans dy't in seizoenkaart kocht ha, kinne jild weromkrije omdat se troch de coronakrisis net by de wedstriden wêze koene. Neffens Kees Elzinga fan Kern van Cambuur hat de klup dat jild lykwols hurd nedich. "Daarom vragen we mensen, als het enigszins kan, geen restitutie te vragen."

"We zitten nu al een jaar in de coronatijd, dat betekent dat er gewoon eigenlijk geen inkomsten zijn", seit Elzinga. "Gelukkig waren er inkomsten uit de verkoop van seizoenkaarten. Als je dat bedrag terug moet betalen, hakt dat er enorm op in."

It grutste tal fan de supporters binne ree om yndie gjin restitúsje te freegjen. "88 procent heeft nu gezegd dat ze geen geld terug willen en ook bij de sponsoren is de bereidheid om te betalen groot."

Kees Elzinga

(Advertinsje)
(Advertinsje)