Nije datum foar Roze Zaterdag yn Ljouwert, no op 16 oktober

27 mrt 2021 - 15:57

Roze Zaterdag, dat dit jier plakfine sil yn Ljouwert, wurdt holden op 16 oktober. Dat hat de organisaasje bekend makke. It evenemint stie eins op de aginda foar 19 juny. It is al de twadde kear dat it evenemint ferpleatst wurdt. Yn 2020 gie it hielendal net troch fanwegen de coronakrisis.

Foto: Anastasia Zolkina

Jan Gaastra fan de organisaasje yn Ljouwert is bliid dat Roze Zaterdag dit jier dochs noch trochgean kin: "Wij willen een toegankelijk evenement en dat is binnen anderhalve meter heel lastig. Veel organisatoren kijken nu naar augustus of september om hun festival in te halen, dus daar zijn we iets achter gaan zitten. Maar na ons komt ook weer een stad, dus we kunnen ook niet onbeperkt blijven uitstellen. We wilden wel heel graag dat het dit jaar in Leeuwarden nog door kon gaan."

Jan Gaastra oer de beslissing om Roze Zaterdag te ferpleatsen

De organisaasje hat keazen foar 16 oktober om't dat de earste sneon is nei Coming Out Dag (11 oktober). "We zijn blij dat op deze manier alsnog Roze Zaterdag in Leeuwarden gevierd kan worden", seit Simon Timmerman, foarsitter fan Stichting Roze Zaterdagen Nederland. "Een Roze Zaterdag in oktober is nog nooit voor gekomen en uniek, maar het zijn dan ook unieke omstandigheden. Na de zomer hebben we vermoedelijk minder last van beperkingen. En al weet je het natuurlijk nooit, opschuiven naar 16 oktober is een realistisch besluit."

Trefwurden: 
Ljouwert Roze Zaterdag
(Advertinsje)
(Advertinsje)