269 nije coronabesmettingen yn de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân

27 mrt 2021 - 15:27

Der binne de ôfrûne 24 oeren 269 nije coronabesmettingen by kaam yn Fryslân, hat it Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu (RIVM) witte litten. It binne der 14 mear as freed, doe wiene it der 255. De ôfrûne wike binne der gemiddeld alle dagen 244 nije besmettingen by kaam.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Dat is de heechste trochsneed sûnt 8 jannewaris. De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeenten Ljouwert (40), dêrnei komme Súdwest-Fryslân (35) en Noardeast-Fryslân (33).

Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren gjin nij stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus. Wol wiene der 6 nije sikehûsopnames yn ús provinsje.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne der 8.868 nije coronagefallen registrearre. It RIVM hat yn de ôfrûne wike gemiddeld alle dagen 7.239 besmettingen trochkrigen.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)