Omrop TIP: De passy fan Abbegea

27 mrt 2021 - 11:00

Koaren en orkesten repetearje alle jierren yn maart foar de Matthäus Passion. Mar troch corona bliuwt it op 'e nij stil. Achter de skermen wurdt lykwols wurke oan in nije Fryske Passy dy't takom jier yn premiêre gean sil. In folslein nij stik, skreaun troch Eppie Dam en op muzyk set troch dirigint Gerben van der Veen.

Yn 2016 wie Gerben van der Veen belutsen by in bysûndere útfiering fan de Matthäus Passion. De Fryslân DOK 'De passy fan Abbegea' wurdt útstjoerd op 27 maart by NPO2 en op 28 maart by Omrop Fryslân.

Op 3 april 1942 waard yn it tsjerkje fan Abbegea de Matthäus Passion útfierd troch in lyts doarpskoar sûnder ûnderfining. It konsert waard fan grutte betsjutting foar de oanwêzigen en foar in lettere generaasje musisy. De âlders fan dirigint Gerben van der Veen songen yn 1942 beiden yn it koar. It stik soe it muzikale hert fan harren houlik en húshâlding wurde.

Fioeliste yn 1942 yn de tsjerke fan Abbegea - Foto: Omrop Fryslân

In lytse mienskip, dy't yn oarlochstiid de geast en krêft fynt om sa'n dreech Dútsk stik op te fieren; it sprekt Van der Veen sa ta de ferbylding dat er yn 2016 op syk giet nei de muzikale woartels fan syn famylje en himsels. Filmmakker Murk Jaep van der Schaaf makke der in Fryslân DOK oer. It konsert yn de doarpstsjerke fan Abbegea wie in ûnderfining dy't generaasjes letter noch trochklinkt yn syn famyljeskiednis en yn de rike koartradysje fan Fryslân.

dirigint Gerben van der Veen - Foto: Omrop Fryslân

Fryslân DOK: De passy fan Abbegea (Nederlânsk ûndertitele)

Sneon 27 maart 2021 NPO2 15.30 oere

Snein 28 maart 2021 Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)

Dizze Fryslân DOK is earder útstjoerd yn de maitiid fan 2016.

(Advertinsje)
(Advertinsje)