Auto klapt op beam by Surhústerfean, bestjoerder naait út

27 mrt 2021 - 10:49

In autobestjoerder is freedtenacht oanhâlden nei't er útnaaid wie nei in botsing by Surhústerfean. De auto wie om noch ûnbekende reden fan de Blauhústerwei rekke, skeat tsientallen meters troch, ried in boerd om en klapte dêrnei mei de sydkant op in beam.

Fan de auto bleau net folle hiel - Foto: Noordernieuws/De Vries Media

De plysje krige de melding oer it ûngelok om sawat healwei twaen. Op it plak fan it ûngelok trof de plysje in lege auto oan. In oere letter is in persoan oanhâlden foar it útnaaien op it plak fan it ûngelok en foar dronken riden. Fierders hie er gjin rydbewiis by him en hie er de riemen net om yn auto.

Trefwurden: 
Surhústerfean botsing beam
(Advertinsje)
(Advertinsje)