Camper folslein útbaarnd op minycamping De Westereen

27 mrt 2021 - 10:11

In camper is yn de nacht fan freed op sneon folslein útbaarnd op in minycamping op De Westereen. By de brân foelen gjin ferwûnen. Der is wol ien ûndersocht troch ambulânsepersoniel, mar dy hoegde net nei it sikehûs. Unbekend is wat dy persoan mei de camper te krijen hat.

Camper útbaarnd op minycamping De Westereen - Foto: Noordernieuws/De Vries Media

De brân oan de Boppewei waard om sawat tsien oer ienen ûntdutsen. Der soe noch ien yn de camper sitte en fanwege de kâns op ûntploffing waard njonken de brânwacht ek in ambulânse en in traumahelikopter oproppen. Al gau die bliken dat der gjinien mear yn siet. De traumahelikopter koe ôfsein wurde. De bânwacht hat it fjoer úteinlik útmakke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)