Seis miljoen euro om mear toeristen nei Koarnwertersân te krijen

In projekt om Koarnwertersân oantrekliker te meitsjen foar toeristen kin rekkenje op in bydrage fan seis miljoen euro út it Waadfûns. It projekt moat it gebiet foaral better berikber meitsje, mar der komme ek toeristyske oanpassingen.
Koarnwertersân © Google Streetview
Neffens it Waadfûns sil it projekt foar mear toeristen soargje, dy't dan ek nochris flink wat ekstra yn de omjouwing útjaan sille. Foar 'Beleef Kornwerderzand' is yn totaal sa'n 25 miljoen euro nedich. It Ryk en de gemeente Súdwest-Fryslân dogge ek in bydrage, seit wethâlder Bauke Dam.
Der komme kuierpaden, útsjochtpunten en in tunnel ûnder de dyk troch by de fiskmigraasjerivier dy't op dit stuit yn oanlis is, seit Dam. Mei dizze ferbettering kin moai meilifte wurde op de dykfersterking dêr't no oan wurke wurdt.
In oersjoch fan de feroarings © Gemeente Súdwest-Fryslân
Foar de toeristen lizze der in soad ferhalen op de Ofslútdyk by Koarnwertersân. Se kinne nei it Waddencentrum, nei it Kazemattenmuseum en der is in surfstrân. De Ofslútdyk op himsels is ek al in ferhaal. Oan de iene kant sjogge de toeristen de Iselmar en oan de oare kant it Wrâlderfgoed De Waadsee.
Wannear moat alles klear wêze? It sil wol langere tiid duorje, seit Dam. De plannen wurde no earst útwurke, ûnder oare mei de bewenners fan it doarp Koarnwertersân. "Jo moatte rekkening hâlde mei 2027." Der sil wol wat ophâld foar it ferkear wêze, mar it is net bedoeling dat it in soad is, neffens Dam.
Der binne mear toeristyske projekten dy't jild krije út it Waadfûns.
Bauke Dam