Kollum: "De PvdA har idealen"

27 mrt 2021 - 08:15

"De PvdA hat fjouwer jier lyn in histoaryske klap krigen yn it oantal sitten yn de Twadde Keamer. Meastentiids lûkt dat nei fjouwer jier opposysje wol wer wat by, mar dizze kear net. It bleau ek ferline wike by njoggen sitten, krekt as by dy dramatysk ferrûne ferkiezingen fan 2017. Fansels is it maklik om corona foar in part de skuld te jaan, mar miskien sit de oarsaak wol djipper.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

Ferdinand de Jong

Foar de echte sosjalisten wie 23 desimber 1960 in datum om nea wer te ferjitten. It grutste sukses fan de arbeidersbeweging stiet foar altyd byskreaun yn de skiednisboeken. Ja, hear ik guon jongere harkers en lêzers no tinken, wat wie der doe sa wichtich dan?

No, doe waard de frije sneon by wet ynfierd troch it kabinet De Quay. Fiif dagen wurkje, fjirtich oeren en de sneon en snein frij. Ik wit net hoelang't de arbeidersbeweging derfoar fochten hat, mar dat komt net sa krekt. De takenning fan de frije sneon wie in kroanjuwiel. In frije sneon, myn dochters sitte no al te laitsjen achter harren skermke as se dit lêze.

Ein foarige iuw kaam der stadichoan feroaring. Sliependewei hawwe we ús yn de 24 oere-ekonomy sûzje litten. Mei troch opkomst fan kompjûters en robots wie de needsaak fan dy frije sneon (en snein) blykber net sa grut mear.

Deskundigen, ja, dy wienen der doe ek al, warskôgen foar stress en burn-outs, as we it swier befochten ritme fan fiif dagen wurkjen en dêrnei it frije wykein loslitte soenen. Se hawwe gelyk krigen, hjoed-de-dei hat elts wol immen yn de neiste omjouwing mei in burn-out en stress-relatearre klachten. Dochs wie de trein fan it mear mear mear net mear tsjin te hâlden. Us bern binne oprjocht fernuvere as in winkel it oandoart om op snein net iepen te gean. Hoesa sneinsrêst?

Yn al dizze 'foarútgong' is de arbeider wer twongen om net allinnich op sneon, mar no ek op snein krekt te dwaan as is wurkjen de gewoanste saak fan de wrâld. Nimmen sjocht mear it ûnderskied tusken in tiisdei en in snein. Ja, de minsken op Urk, mar dy doge net, sa seit hast eltsenien. En boeren dan? Dy wurken altyd al sân dagen yn de wike. In ko sil molken wurde moatte, hoewol't dêr de automatisearring ek in part fan it wurk weinimt.

Wêr yn dit ferhaal is de arbeidersbeweging bleaun? Mei harren idealen? Is it reade boadskip net mear fan dizze tiid of is de partij ferfrjemde fan harren kearnwearden? Of hawwe we it mei ús allen gewoan akseptearre dat de wrâld 24/7 yn Lelylijnfeart trochdonderet yn de sucht nei mear, mear en noch folle mear? Is der foar de PvdA oer in jier as wat noch wol plak yn it politike lânskip? Of binne se ynhelle troch de tiid?

It is hjoed 27 maart. Moarn is it snein. Dan binne de winkels op ôfspraak iepen en de measte tsjerken ticht, omdat se net ynrjochte binne op de oardelmetermaatskippij. Oer in moanne is it 1 maaie. Dei fan de Arbeid. Dan sjonge de noch oerbleaune feteranen fan de PvdA yn de âldereintehuzen mei kreakjende stimmen De Ynternasjonale noch in kear, as se teminsten de tekst noch net fergetten binne."

(Advertinsje)
(Advertinsje)