Deputearre Hoogland: "Allegear de lampen út om oandacht te freegjen foar de natuer"

26 mrt 2021 - 22:32

Deputearre Douwe Hoogland ropt Friezen op om sneontejûn mei te dwaan oan Earth Hour. Op inisjatyf fan it Wereld Natuur Fonds dogge miljoenen minsken yn mear as 180 lannen dan in oere lang it ljocht út, om sa omtinken te freegjen foar de natuer.

Akkrum - Foto: Ger

"In oerke de lampen út rêdt fansels net direkt it klimaat en de natuer, mar it is wol in moai gebaar om der omtinken foar te freegjen", seit Hoogland. Op it provinsjehûs yn Ljouwert sil it tusken healwei njoggenen en healwei tsienen yn alle gefallen tsjuster wêze. En ek yn oare provinsjale gebouwen as brêgewippershúskes en betsjinningssintrales foar it farferkear giet it ljocht út.

Hoogland hopet dat bedriuwen, organisaasjes en ek partikulieren it inisjatyf folgje. "Litte wy Fryslân sa tsjuster mooglik meitsje mei Earth Hour. Sa kinne wy mei ús allen enerzjy besparje. En boppedat, by kearsljocht in boek lêze, in goed petear fiere of in spultsje dwaan, kin noch hiel noflik wêze ek."

Net allinne de provinsje docht mei oan Earth Hour. Ek bygelyks yn gemeenten as Tytsjerksteradiel, Hearrenfean en Waadhoeke sil it sneontejûn tsjusterder wêze as gewoanwei.

Trefwurden: 
Douwe Hoogland Earth Hour
(Advertinsje)
(Advertinsje)