Rykswettersteat leit 800 keunststof tonnen lâns lytsere fargeulen yn Waadsee

De farweimarkearring lâns de lytsere geulen op it Waad is dit wettersportseizoen foar it earst folslein fan keunststof. Rykswettersteat kiest dêrfoar út eachpunt fan duorsumheid, kosten en feilichheid. Earder waarden saneamde houten prikken brûkt as markearring, mar dy binne kwetsber en moatte soms wol fjouwer kear it seizoen ferfongen wurde.
© Rijkswaterstaat / Bert de Boer
Foar de keunststof markearringen jildt dat net, dy gean in jier as fyftjin mei. Dat skeelt materiaal, mar ek de kosten fan ferfanging. Se bliuwe ek better op harren plak lizzen as de houten en dat makket se neffens Rykswettersteat feiliger.
Rykswettersteat is de kommende wike noch mei trije skippen ûnderweis, om alle lytsere fargeulen fan keunststof tonnen te foarsjen. Yn it hiele Waadgebiet giet it mei-inoar wol om in stik as 800 tonnen, seit nautysk adviseur Johan Penninga fan Rykswettersteat. It is de bedoeling om noch foar it peaskewykein dien wurk te meitsjen.
Nautysk adviseur Johan Penninga fan Rykswettersteat