Weststellingwervers kinne harren hert luchtsje by boargemaster en wethâlders

26 mrt 2021 - 21:45

De gemeente Weststellingwerf komt mei in primeur: ynwenners kinne de kommende wiken by boargemaster André van de Nadort en fjouwer wethâlders harren hert luchtsje oer wat de coronatiid mei harren docht.

André van de Nadort - Foto: Omrop Fryslân

"Eigenlijk wilden we weer terug naar wat we normaal gesproken ook doen, namelijk zoveel mogelijk contact met onze inwoners en onze ondernemers", seit Van de Nadort oer it bysûndere inisjatyf. "Er is natuurlijk ook wel een aanleiding voor. We zitten een jaar in de coronacrisis. Het lijkt erop dat we wel aan het eind daarvan zitten, maar de laatste loodjes wegen natuurlijk wel zwaar."

In stikje kuierje

Neffens de boargemaster ha de minsken der wol ferlet fan om harren ferhaal te dwaan. "Dat kan digitaal, maar we kunnen ook raam- of deurgesprekken voeren. Of misschien een stukje wandelen met elkaar", leit er út. "Niet op het gemeentehuis, niet op onze kamers. Dat willen we niet doen."

Van de Nadort hat al wat ûnderfining opdien by syn oanstelling as boargemaster fan Weststellingwerf yn 2017. Doe mochten ynwenners him útnûgje om mei him yn 'e kunde te kommen. "Daar werd behoorlijk massaal op gereageerd. Toen deed ik het in mijn eentje, nu hebben we ook nog vier wethouders."

Earste petearen

De earste petearen wurde kommende wike hâlden. Minsken dy't mei de boargemaster of wethâlders prate wolle, kinne har fia de webside fan de gemeente Weststellingwerf oanmelde.

Boargemaster André van de Nadort

(Advertinsje)
(Advertinsje)