Frysk Blockbusterfûns oprjochte foar grutte teäter- en museumeveneminten yn Fryslân

27 mrt 2021 - 12:07

Fjouwer Fryske fûnsen hawwe mei-inoar in nij fûns oprjochte om grutte teäter- en museumeveneminten yn Fryslân te stimulearjen. It is bedoeld foar produsinten en organisaasjes yn it hiele lân, mar de betingst is wol dat it evenemint yn Fryslân hâlden wurdt. Der komt yn it begjin in heal miljoen euro foar elk fan de twa sektoaren yn it Frysk Blockbusterfûns.

Foto: Omrop Fryslan, Wytse Vellinga

Produsinten en organisaasjes kinne jild liene út it fûns. Foar ambisjeuze projekten binne by de opstart faak flinke ynvestearringen nedich, dêr't dreech jildsjitters foar te finen binne. Dêr wol it Blockbusterfûns in rol yn spylje. Fred Tuininga fan it fûns: "Wij gaan uit van blockbusters die een succes worden en waar bij de uitvoering voldoende middelen vrijkomen om de lening terug te betalen."

Liening

It is in liening dy't sjoen wurde moat as in soart startkapitaal, fertelt Siart Smit dy't ek yn it bestjoer fan it BB-fûns sit. It kin helpe om jild by oare fûnsen los te krijen om begjinne te kinnen mei de produksje. De bydrage út it fûns is bedoeld foar grutte eveneminten dy't in soad publyk oanlûke, lykas yn it Kulturele Haadstêdjier De Stormruiter en de museumútstalling oer Escher. Mar ek lytsere produksjes dy't in soad omtinken krije, kinne in oanfraach yntsjinje. De earste reaksje is al binnen. Wa't it is, wol Smit net fertelle. Se gean yn petear mei de oanfrager.

Siart Smit

It fûns is in inisjatyf fan Stichting FB Oranjewoud, Stichting Ondernemersfonds Leeuwarden, Ir. Abe Bonnema Stichting en Stichting het Old Burger Weeshuis. Fred Tuininga is beneamd as foarsitter fan it teäterfûns en Siart Smit, ek bekend fan it Skylger festival Oerol, as foarsitter fan it museumfûns.

(Advertinsje)
(Advertinsje)