Judoka Tsjakadoea grypt neist brûns op Grand Slam Tbilisi

It is judoka Tornike Tsjakadoea net slagge in medalje te pakken op de Grand Slam yn it Geörgyske Tbilisi. Yn de wedstriid om it brûns moast de 24-jierrige Ljouwerter it ôflizze tsjin Sjajboz Saidaboerorov út Tadzjikistan.
© Omrop Fryslân
Tsjakadoea, dy't Geörgyske roots hat, fersloech de Britske Joshua Giles, de Italiaan Angelo Pantano en de Azerbeidzjaan Karamat Hoeseinov om yn de heale finale te kommen.
Dy heale finale ferlear er fan Geörgiër Temur Nazadze, dy't letter it goud pakte. Yn de striid om it brûns gie it foar Tsjakadoea mis yn de ekstra tiid, doe't Saidaboerorov op ippon wûn.