Kampanjelieder Hildebrand Bijleveld pessimistysk oer meidwaan CDA oan nij kabinet

26 mrt 2021 - 19:19

De kâns dat it CDA net meidocht oan in nij kabinet-Rutte is grut. Dat seit Hildebrand Bijleveld, kampanjelieder fan it CDA yn It Polytburo. De kristen-demokraten ha flink ferlern by de Twadde Keamerferkiezingen ferline wike en ek yn Fryslân is de VVD it CDA foarby gien.

Dat leit neffens Bijleveld foar in part oan it nuansearre boadskip dat de partij bringt, mar ek oan it ferhaal fan listlûker Wopke Hoekstra. Dat ferhaal wie neffens Bijleveld te iensidich rjochte op de finansjele kant fan de coronakrisis.

Dêr kaam fan 'e wike nochris by dat der by de winners fan de ferkiezingen, de VVD en D66, twivels lykje te bestean oer CDA-keamerlid Pieter Omtzigt. Bijleveld tinkt dat Rutte Omtzigt der net by ha wol. "Ik wit net oft it út syn persoan komt. Mar sjochst hiel dúdlik, dat kin net oars as út de ideeën fan minsken dy't de macht, de regearing, in kabinet foarmje wolle. Dy hawwe kenlik in probleem mei in persoan en dy wolle se út 'e wei ha."

De CDA-kampanjelieder neamt it "anty-demokratysk". Omtzigt wie lanlik goed foar sawat 350.000 stimmen. Yn Fryslân makken goed 18.000 CDA-stimmers it fakje fan Omtzigt read.

Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)