Kuorbaltalint Ran Faber wol titels pakke mei LDODK: "Ik wol de bêste wurde"

26 mrt 2021 - 18:03

De 18-jierrige kuorballer Ran Faber fan LDODK hat dit seizoen syn debút makke yn de Kuorbal League en makke fuortendaliks al yn hiel Nederlân yndruk. Hy wurdt sjoen as ien fan de grutste talinten yn de kuorbalkompetysje. Faber is ambisjeus en syn doel is helder: mei LDODK de bêste wurde.

Ran Faber, it kuorbaltalint fan LDODK

Ran Faber is hikke en tein yn Terwispel, mar wennet sûnt twa jier yn Jobbegea. Sûnt syn fjirde spilet er al by LDODK op De Gordyk. Doe't er santjin jier wie, kaam er by de seleksje. En sûnt dit seizoen hat er dus in basisplak yn it earste, ek al is er eins noch junior. Neist syn topsportkarriêre by LDODK sit er ek nochris yn TeamNL (Oranje ûnder 21 jier). Dat alles kombinearret Faber mei syn stúdzje ekonometry yn Grins.

Ran Faber

Oer syn ambysjes yn it kuorbal is Faber dúdlik. "Ik wol gewoan hiel graach de bêste wêze. Eigentlik altyd al en dat haw ik no noch hieltyd. Myn grutte ambysje wie om yn it earste fan LDODK te spyljen en dat giet no goed. Myn úteinlike ambysje is dat ik hiel graach yn it Nederlânsk team kuorbalje wol."

Syn ambysjes en prestaasjes meitsje yndruk yn de kuorbalwrâld. Mar dat er in talint neamd wurdt, dêr kin er úteinlik net safolle mei. "Ik ha altyd leard, fan it wurd talint wurde je in bytsje eigenwiis en arrogant. Talint fyn ik in hiel moaie beneaming, mar as ik it sa fiel, wit ik net echt."

Henk Jan Mulder en Jan Sjoerd Pool

Faber syn trainer Henk Jan Mulder hat bewûndering foar de flotte ûntwikkeling fan it kuorbaltalint. "Hy is in 'kind van de club'. Fantastysk dat hy it no hartstikke goed docht."

Ek Jan Sjoerd Pool, âld-trainer en no bestjoerslid by LDODK, tinkt dat Faber in moaie takomst temjitte giet by De Gordyksters, en mooglik ek yn it Nederlânsk team. "Hy is lang en sterk. Ek seker mentaal is hy hiel sterk oanwêzich. Dat hat ek wolris oars west, mar it is no ien fan syn krêften. Hy hat in hiel protte yn him om echt in hiel goeie spiler te wurden."

Ran Faber - Foto: Orange Pictures

LDODK spilet sneon om 17.30 oere op De Gordyk tsjin Fortuna út Delft. Dat play-off duel is live te folgjen by Omrop Fryslân radio. It kommentaar is fan Freark Wijma.

(Advertinsje)
(Advertinsje)