2020 wie in topjier foar túnsintra, mar troch de lockdown is it jild alwer fuort

Ferline jier wie foar túnsintra in topjier. Neist fytsewinkels en boumerken wist de túnbrânsj de grutste omset te meitsjen. Gerben Mulder fan túnsintrum Gerberosa op De Jouwer wist net wat ik him oerkaam ôfrûne jier: "Yn it begjin wie it hiel rêstich en hiel ûnwis. Je witte net hoe't it rinne sil, mar dêrnei wurdt it hartstikke drok. Wy hawwe in geweldich jier draaid."
2020 wie in goed jier foar túnsintra
"Wy hawwe in fantastysk jier draaid yn de túnsintra: 19 persint yn de plus. Wy hiene fansels geweldich waar yn de maitiid en boppedat wie der corona. Men koe wol feilich yn de eigen tún oan de gong", fertelt direkteur Frank van der Heide fan Tuinbranche Nederland.

Op ôfspraak winkelje

Ek no witte minsken de túnsintra wer goed te finen, al kinne je net samar mear nei binnen stappe. Troch de lockdown moatte je no fjouwer oeren yn 't foar in ôfspraak meitsje en kin der mar in beheind oantal minsken nei binnen.
Foar de measte klanten is it in útkomst, mar foar de brânsj is it in tsjinfaller. "Ik fyn it spitich dat der no sa min perspektyf is foar ús. Fyftich minsken yn in winkel sa grut as dy fan ús is net genôch om it foarjier troch te kommen", leit Johanneke Terpstra fan Groencentrum Witmarsum út.
Túnsintrum Gerberosa op De Jouwer © Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Troch de lockdown is it grutste part fan de winst dy't 2020 opsmiet alwer fuort. Fan healwei desimber oant twa wiken lyn koe der allinnich mar oan de doar guod ophelle wurde.

Hannel fuortsmiten

Terpstra seach in soad ferliezen de ôfrûne tiid: "De krystbeammen binne ferneatige, der in soad hannel fuortsmiten. De tiid foar keamerplanten hawwe wy mist en der moast in soad omboud wurde foar de webshop. Dat is hiel spitich. It jild ferdampt hurd."
Ek Mulder fan De Jouwer hat mei de nije regels te krijen, mar bliuwt posityf: "Dizze wike begjint it wat de klanten oanbelanget wer wat te rinnen. It waar wurdt wer wat better, dus wy hoopje dat we noch in goed seizoen draaie kinne."